Snitser bern sjonge mei 'Abba'

© Omrop Fryslân
Snitser bern meie meidwaan oan 'Abba The Show' yn Grins. De Sweedske band Waterloo bringt mei in orkest de skiednis fan de populêre band Abba kommend wykein yn Martiniplaza. De shows binne regele troch Diba út Snits. Bern fan OBS De Driemaster binne frege twa nûmers mei te sjongen.
Foar it bernekoar hâldt de skoalle freed in audysje. Learlingen út groep 6, 7 en 8 wurde beoardield troch in sjuery fan de muzykskoalle.