Brúnfisk boppe Amelân útset

09 mrt 2004 - 00:00

Op de Noardsee boppe It Amelân is tiisdei in brúnfisk útset. It giet om in brúnfisk dy't in moanne lyn op Skylge oanspield wie. It bist hie dêr 14 oeren op it strân lein. It bist is wer op krachten kommen yn it dolfinarium yn Hurderwyk.

It komt net faak foar dat brúnfisken oanspiele en letter wer útset wurde. It bist is troch meiwurkers fan it dolfinarium en minsken fan it ministearje fan Lânbou útset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)