Frou by brân omkommen

09 mrt 2004 - 00:00

Yn Terwispel is in frou fan 89 jier om it libben kommen by in brân. Buorlju seagen de brân tiisdeitemoarn yn it hûs oan de Kolderveen en warskôgen de brânwacht. Dy hat it fjoer blust.

De frou wie allinnich yn de hûs. Se is nei alle gedachten yn it fjoer omkommen. De plysje docht noch technysk ûndersyk, mar giet der fan út dat de brân in ûngelok wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)