Ynstrumintefûns foar NNO

© Omrop Fryslân
It NNO hat in fûns oprjochte foar ynstruminten. Dêr sit jild yn foar de oanskaf en ferfanging fan ynstruminten foar it Noard Nederlânsk Orkest. It fûns is nedich om't ynstruminten net langer ôfskreaun wurde kinne foar de belesting.
Der is al 75.000 euro út in neilittenskip. Ek ha de freonen 1250 euro jûn. Doel is in miljoen euro te sammeljen út jeften. De rinte wurdt brûkt foar de oanskaf fan ynstruminten.