Oalje yn PM-kanaal

© Omrop Fryslân
Yn it PM-kanaal is snein hûndert liter motoroalje telâne kommen. De oalje kaam út in knapte slang fan in baggerskip. In part is nei de Stynsgeasterfeart streamd. Om fierdere fersmoarging te kearen, hat Wetterskip Fryslân dêr in skerm yn it wetter set.
De oalje yn it Prinses Margrietkanaal is sneintenacht opromme. Yn de feart bart dat moandei. Dûkers dogge dat mei in nije soarte dweilapparaat. Dat wurdt foar it earst ynset.