Gjin nijbou foar De Bolder

09 mrt 2004 - 00:00

De Bolder yn Frjentster krijt gjin nijbou. De skoalle foar spesjaal ûnderwiis is slachtoffer wurden fan de minne finansjele posysje fan de gemeente. De gemeente stiet ûnder tafersjoch. De provinsje kart alle útjeften goed.

Frjentsjerteradiel moat oardel miljoen euro besparje. Yn juny nimt de ried dêr in beslút oer, dêrnei moat de provinsje der noch oer gear. Op De Bolder sitte bern mei lear- of gedrachsproblemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)