300 fersen foar Slauerhoff-priis

© Omrop Fryslân
In rekord tal skoalbern hat dit jier in gedicht ynstjoerd foar de poëzijpriisfraach fan 'e stifting Jan Jacob Slauerhoff. Mear as 300 fersen binne der ynkommen; mear as twa kear safolle as twa jier lyn. De priis is yn 1998 yn it libben roppen by de 100-ste bertedei fan Jan Jacob Slauerhoff.
Foarsitter De Haan fan 'e stifting ferklearret it grutte tal ynstjoerings út optredens fan dichters op ferskate skoallen foar fuortset ûnderwiis.