Untromming nei gaslek
Tritich wenten oan de Johan Winklerwei yn de Ljouwert wyk Westeinde ha moandei twa oeren lang ûntromme west. Dat wie fanwege in gaslek.
De bewenners fan de wenten waarden opfongen yn it wyksintrum. It gaslek is mooglik ûntstien troch graafwurk. Oan de Johan Winklerwei wurdt op dit stuit in garaazje njonken in wente boud. Meiwurkers fan Essent spoarden it lek op. Om likernôch kertier oer trijen koene de bewenners werom nei hûs.