'Wurkdruk by hôf te heech'

© Omrop Fryslân
De wurkdruk by it gerjochtshôf yn Ljouwert driget te heech te wurden. Dêrtroch komt de tarieding fan rjochters yn de knipe en duorret de behanneling fan saken langer. Minsken moatte dan langer wachtsje op útspraak.
Dat seit president Van Dijk fan it Ljouwerter hôf. It gerjochtshôf is op dit stuit drok dwaande de wurkdruk te ferminderjen. Neffens Van Dijk is it wichtich dat it budzjet fan it hôf net fermindere wurdt.