SKS wol dúdlikens oer boetes

08 mrt 2004 - 00:00

De SKS wol dúdlikens oer de boetes dy't guon skûtsjeskippers krigen ha, fanwege it farren mei passazjiers. Neffens de SKS is der in soad ûndúdlik oer wat neffens de passazjiersskippenwet wet al of net mei.

Boppedat hat in tal gemeenten de wet bûten wurking steld, wylst er yn oare gemeenten noch wol jildt. De SKS hat in advokaat frege de bemanning fan de beboete skûtsjes by te stean yn it oanfjochtsjen fan har proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)