Flyers winne op It Hearrenfean

07 mrt 2004 - 00:00

De Formido Flyers fan It Hearrenfean spilen sneontejûn op it eigen iis de tredde wedstriid yn de play-offs tsjin De Trappers út Tilburg. It waard 5-4 foar de Fryske iishockeyploech. De perioadestannen wiene 1-0, 0-3 en 4-1.

De Flyers ha no twa wedstriden wûn, wylst Tilburg ien wedstriid wûn hat. Takom wike woansdei kin de beslissing falle. As de Flyers dan winne yn Brabân, is de finale helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)