Huis en Tuin lûkt soad folk

06 mrt 2004 - 00:00

De beurs Huis en Tuin lûkt in soad besikers. Yn twa dagen tiid wisten al 15.000 it paad nei it FEC yn Ljouwert te finen. Dit jier wurde de beide beurzen foar it earst as ien evenemint hâlden. Der binne 200 stands. Túnarsjitekt Laridon út Feanwâlden makke it moaiste túnûntwerp. Hy krige der in beker foar.

De beurs is snein ek noch iepen. De organisaasje hopet mear as 20.000 besikers binnen te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)