Earste Fryske diere-asyl erkend

© Omrop Fryslân
Diere-asyl De Swinge yn Drachten is as earste Fryske asyl erkend troch de Dierebeskerming. Lanlik ha 9 fan de 100 asyls sa'n erkenning. Dat hâldt yn dat se foldogge oan it tal easken bygelyks oer hoe grut de hokken wêze moatte.
It asyl sit yn in nij gebou oan de Himsterhout. It moast ferhúzje fanwegen de Drachtsterfeart. It asyl foar katten en hûnen fersoarget de opfang foar de gemeenten Smellingerlân, Opsterlân en Eaststellingwerf.