Foarearst gjin stappen tsjin LC

© Omrop Fryslân
Advokaat Tsjalling van der Goot nimt gjin juridyske stappen tsjin de Ljouwerter Krante oer de publikaasje fan in foto fan Simon S. Hy wurdt fertocht fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun.
De LC publisearre ferline wike in foto fan de rjochtsaak dêr't de fertochte op te sjen wie. Dat hie net mocht, fynt Simon S. Advokaat Van der Goot wol no earst besykje it skeel yn in petear mei de Ljouwerter op te lossen.