IIsbaan Droegeham wer oer de kop

05 mrt 2004 - 00:00

De iisbaan fan Droegeham wurdt nei twa jier al wer oer de kop helle. De baan is neffens it bestjoer fan de iisbaan- feriening net flak genôch. Dat komt troch it ynklinken fan de grûn.

Doe't ferline jier foar it earst wetter op 'e baan kaam, is de ûndergrûn op guon plakken fersakke. Sa binne der hichteferskillen fan goed 50 sm. Nei it flak meitsjen hoecht der minder wetter op. Dat hat as foardiel dat minsken earder it iis op kinne as it friest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)