Militêr delstutsen op fleanbasis

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige militêr is tongersdei mei in mes delstutsen. Dat barde op in feest op de Ljouwerter fleanbasis. De man krige spul mei in 18-jierige man út Kampen dy't staazje rint op de fleanbasis. It slachtoffer moast nei it sikehûs mar is net yn libbensgefaar.
Beide partijen waarden freed heard. Oanlieding fan de stekpartij is ûnbekend. De fertochte rûn staazje op de fleanbasis om yn de kunde te kommen mei it bedriuw en de loftmacht.