Diskusje oer bistemoal

05 mrt 2004 - 00:00

Is de opslach fan bistemoal troch it transportbedriuw Tiltrans yn Burgum tastien of net. Dat wol wethâlder Bakker fan Tytsjerksteradiel witte. Hy freget him ôf of it nei trije jier diskusje wol ferantwurde is dat der noch hieltyd gjin antwurd is.

It giet om de fraach of bistemoal in grûnstof of in ôffalstof is. By grûnstof is de gemeente ferantwurdlik foar de fergunning en by ôffalstof de provinsje. De opslach wurdt no gedoogd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)