Hûdklachten earder ferholpen

05 mrt 2004 - 00:00

Pasjinten mei hûdklachten hoege op It Hearrenfean net lang mear te wachtsjen. Sikehûs de Tjongerskâns hat in nije dermatolooch oansteld. Dêrtroch binne de wachtlisten weromrûn.

Ek mei it projekt tele-dermatology wurde pasjinten gauwer holpen. In pasjint hoecht net mear nei it sikehûs, mar kin by de húsdokter behannele wurde. De dokter kin digitale foto's meitsje en de spesjalist yn it sikehûs jout dan in behanneladvys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)