Gjin feest op boaten Iselmar

© Omrop Fryslân
Op skippen op de Iselmar meie gjin houseparty's hâlden wurde. Dat wolle de gemeenten Wûnseradiel, Nijefurd, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân net. Ek de Iselmargemeenten fan Noard-Hollân binne der op tsjin. De feesten wurde net tastien om't helpferliening net op tiid komme kin, as der wat bart.
In ûndernimmer yn Wûnseradiel hie in fergunning oanfrege foar sa'n feest. Neffens de gemeente is der ek gjin ferlet fan houseparty's op boaten.