'Ferkeard byld fan Talant'

© Omrop Fryslân
By Talant wurdt gjin jild fergriemd en der is ek gjin sprake fan falend management. De ried fan bestjoer fan de soarchynstelling sprekt sokke lûden tsjin. Talant kaam lêsten yn 't nijs troch grutte ûnrêst under it personiel. Dy ûntstie nei't dúdlik waard dat de tekoarten allinnich mar oprinne. It is noch ûndúdlik hoe grut it tekoart is.
De ried fan bestjoer fynt dat der in ferkeard byld ûntstien is yn de media fan de organisaasjes en de lieding.