Sneon start hurdfytsseizoen

04 mrt 2004 - 00:00

Sneon begjint it hurdfytsseizoen yn Nederlân mei 'de Ster van Zwolle'. Dy klassiker oer krapoan 170 km is de earste wedstriid dy't meiteld foar de topkompetysje.

Under de 160 dielnimmers sitte ek inkele Friezen. Sierk Jan de Haan fan Dokkum en Germ van der Burg fan Folsgeare binne ploechmaten by de Bert Story-Piels formaasje. Germ van der Burg ried dit seizoen ek al 10 dagen yn Maleisië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)