Tsjerke neamd nei Titus Brandsma

04 mrt 2004 - 00:00

Titus Brandsma silger (1881-1942) krijt in eigen tsjerke. De Jozeftsjerke yn Nijmegen hyt tenei Titus Brandsma Gedachteniskerk. Ta oantinken oan de karmelyt wurde fieringen en beafearten organisearre. Dy binne iepen en tagonklik foar elkenien. Mei tastimming fan de pastoar mei der ek troud wurde.

Om't Brandsma ek ynternasjonaal bekend is, wurdt ek de namme Titus Brandsma Memorial brûkt. De Paus ferklearre Brandsma yn 1985 sillich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)