Reorganisaasje by UPC

04 mrt 2004 - 00:00

By UPC ferdwine dit jier 140 wurkplakken fanwegen in reorganisaasje. It kabelbedriuw slút twongen ûntslaggen net út. Hoefolle is ûndúdlik. Personiel is op de hichte brocht fan de plannen dy't no by de ûndernimmingsried lizze.

Doel is ferskate ôfdielingen by elkoar te bringen om effsjinter wurkje te kinnen. Neffens in wurdfierder wurdt de ynstallaasje-ôfdieling fan Ljouwert nei Nijmegen ferpleatst. De klanteservice bliuwt wol yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)