Aldi praat mei CNV

04 mrt 2004 - 00:00

De Aldi yn Drachten oerleit mei it CNV oer de arbeidstidewet foar sjauffeurs. Dat is it gefolch fan de rjochtsaak dy't it fakbûn trije jier lyn tsjin de supermerk oanspand hat. Aldi negearde doe de wet foar de filiaalhâlders en is dêrfoar op de fingers tikke.

De Aldi ûnderhannelt oer de oer-oeren fan de sjauffeurs, sûnder de plannen yn de praktyk te bringen. Neffens it CNV is dat earder al bard. It fakbûn is bliid mei de foarútgong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)