Slachtebrêge net op tiid klear

© Omrop Fryslân
De Slachtebrêge komt der net foar 12 juny. Neffens Jelle Bangma, foarsitter fan de stichting Slachtemaraton, is der net genôch tiid om de finansiering fan de fuotgongersbrêge oer de A31 by Hjerbeam noch rûn te krijen foar de kuiertocht op 12 juny.
De brêge kostet sa'n heal miljoen euro. Dêrfan wie oant no ta in 3 ton byelkoar swile. Bangma giet der fanút dat de brêge der wol komt. Mar wannear't dat krekt wêze sil, doart er net te sizzen.