Jeugd Nijlân dringt hûs binnen

04 mrt 2004 - 00:00

In groep jeugd is woansdeitejûn in leechsteand hûs yn Nijlân binnendrongen. In 25-jierrige frou út Burchwert hie krekt de kaai fan de wente krigen doe't se stimmen hearde.

De jongeren fan sawat fjirtjin jier sieten op 'e souder. Sy hawwe de wente ferlitten en bedrigen dêrby de frou. Letter waard it hûs bekûgele mei aaien. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)