DS hâlde priis akwadukten geheim

04 mrt 2004 - 00:00

It is noch hieltyd net dúdlik hoefolle de akwadukten by Galamadammen en Wâldsein kostje moatte. It projket wurdt rûsd op 50 oant 60 miljoen euro, mar hoe't it krekt sit woene Deputearre Steaten woansdei allinnich kwyt yn in besletten gearkomste.

De fraksjes fan FNP, GrienLinks, CU/SGP en SP wiene it dêr net mei iens en stapten op. Sy sille no besykje yn de steategearkomste de sifers boppe wetter te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)