'Smaakteater' yn Ljouwert

03 mrt 2004 - 00:00

De hoareka yn Ljouwert moat mear en mear konkurrearje om de holle boppe wetter te hâlden. Op koarte termyn wurde tsien besteande saken oernaam. Ek komme der in tal nije kafees by.

Opfallend is dat kafee-eigners klanten hieltyd mear fermeitsje wolle. Sa ek by it nije temakafee The Cruise oan de Prins Hendrikkade yn Ljouwert, dat woansdei iepenet. Dêr is njonken stand-up comedy ek 'smaakteater'. Dat binne grutte feesten foar groepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)