Andriesen listtriuwer PvdA

© Omrop Fryslân
Deputearre Andriesen stiet foar de PvdA op de kandidatelist foar de Europeeske ferkiezings. Andriesen is ien fan de fiif regionale listtriuwers dy't in plakje op de lanlike list krigen hawwe. De PvdA wol mei de ynset fan regionale listtriuwers besykje de Europeeske ferkiezings tichter by de gewoane minsken te bringen.
It is net de bedoeling dat Andriesen keazen wurdt, sa seit sekretaris Joop van den Berg fan it gewest Fryslân.