Treningsfjilden It Fean stript

© Omrop Fryslân
Al de hiele wike wurdt wurke oan it ûntmanteljen fan de treningsfjilden by it Abe Lenstrastadion.
De wurksumheden hawwe te krijen mei de tariedings foar it útwreidzjen fan it stadion oan de súdeastkant fan it stadion en de bou-aktiviteiten yn it ramt fan Sportstêd It Hearrenfean. Dat betsjut konkreet dat de beide trainingsfjilden by it stadion net mear beskikber binne.