'Ferpleechhuzen net goed taret'

03 mrt 2004 - 00:00

Fryske ferpleech- en fersoargingshuzen binne net goed taret op needsituaasjes lykas brân. Ek wurdt it risiko op benammen Hepatitis B-besmetting swier ûnderskat. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de arbeidsynspeksje, dat woansdeitemoarn bekend makke is.

De arbeidsynspeksje hat 22 tehuzen yn Fryslân ûndersocht. Koepelorganisaasje fan de tehuzen, Arcares, jout de problemen ta. Jildpine en te min personiel soene de oarsaken wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)