Oerol moat op reserves yntarre

02 mrt 2004 - 00:00

Oerol moat dit jier de finansjele reserves opmeitsje om de begrutting rûn te krijen. Neffens de artistyk lieder fan it festival op Skylge binne de sponsorynkomsten mei 200.000 euro werom rûn. De kosten fan it festival nimme dêrfoaroer ta.

Om kwaliteit biede te kinnen, wurdt dit jier in berop dien op de reserves. Yn april komt der mear dúdlikheid oer de finansjele takomst fan it festival as it nije keunsteplan ferskynt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)