Broekema moaiste etalaazje

© Omrop Fryslân
Boekhannel Broekema op De Gordyk hat de etalaazjewedstriid fan it Fryske Boek wûn. Se hienen it boekewikegeskink 'Oar plak oare tiid' fan Jetske Bilker moai útbylde. Stichting It Fryske Boek hâldt alle jierren de wedstriid foar de boekhannels.
Earfolle fermeldings wienen der dit jier foar Muizelaar yn Koudum, de Fryske Akademy, Van der Velde en De Tille yn Ljouwert en Blaauw yn Frjentsjer.