Keunstgers yn fuotbalbibel

© Omrop Fryslân
De FIFA hat it ôfrûne wykein besletten om keunstgers offisjeel te akseptearjen as in gaadlike ûndergrûn foar fuotbalwedstriden. 'Artificial turf' oftewol keunstgers is no opnommen yn it fuotbalwetboek 'Laws of the game'.
SC Cambuur is ynnommen mei it beslút fan 'e FIFA. 'It betsjut dat we in goed beslút nommen ha', seit direkteur Merkus. Cambuur en Heracles binne op dit stuit noch de iennichste twa clubs dy't op keunstgers fuotbalje.