Winst foar Jong SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandei mei 4-2 wûn fan Jong RKC. De ploech út Waalwyk hie mei it skoft noch in foarsprong. It Feanster doelpunt yn de earste helte wie fan Martijn Barto. Nei rêst makken de mannen fan trainer Jan de Jonge dien wurk. De doelpunten kamen fan Marc van Eijk, Jerrel Wolfgang en René v/d Weij.
Jong Feyenoord liedt mei 34 punten út 14 wedstriden. Jong Hearrenfean stiet twad mei likefolle punten, mar dan út 16 wedstriden.