Ferset tsjin fuortheljen stoepe

01 mrt 2004 - 00:00

Bewenners fan de Badhúswei yn Damwâld fersette har tsjin in plan fan de gemeente om in part fan it trottoir út har strjitte fuort te heljen. De gemeente Dantumadiel hat koartlyn it park oan de Badhúswei opknapt en dêr omhinne in nij skelpepaad oanlein.

It stik trottoir foar it park wol it gemeentebestjoer no fuorthelje. Benammen âldere minsken fine it nije skelpepaad min tagonklik. Der is in hantekenaksje foar de stoepe holden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)