Plattelânsprojekten rinne goed

01 mrt 2004 - 00:00

Projekten om de leefberens op it plattelân te ferbetterjen, rinne boppe ferwachting. It giet om bygelyks nije fytsrûtes, renovaasje fan in doarpshûs of de oanlis fan kantoarfoarsjennings.

Goed twa jier lyn binne der spesjale projektburo's opset yn fiif plakken yn Fryslân. Ferwachte wie dat yn fjouwer jier tiid foar 200 miljoen euro oan plannen yntsjinne wêze soe. Mar nei twa jier is al foar 130 miljoen omset yn hûnderten projekten oer de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)