Eastersee krijt nij sintrum

© Omrop Fryslân
It sintrum fan Eastersee krijt ynkoarten in hiel oar oansjen. Nei sa'n 12 jier fan plannen meitsjen, sil no begûn wurde mei de werynrjochting fan it doarp. It plan bestiet út in lytse fyftich wenten, winkeltsjes en in jachthaven.
B en W ha in prinsipe-akkoart sletten mei de projektûntwikkeler Van der Wiel oer de útfiering. Nei de boufak sette de sanearingswurksumheden út ein op it plak fan it eardere molkfabryk.