CU: stifting foar tsjerketuorren

© Omrop Fryslân
De ChristenUnie yn Tytsjerksteradiel fynt dat der in stifting komme moat dy't him dwaande hâldt mei it ûnderhâld fan tsjerketuorren yn de gemeente. Yn de gemeenteried wurdt meikoarten in inisjatyffoarstel foar it oprjochtsjen fan sa'n stifting behannele.
Neffens de ChristenUnie komt in stifting foar mear rykssubsydzje yn oanmerking as in gemeente. Boppedat kin foardiel helle wurde as restauraasjes better op inoar ôfstimd wurde.