Fergees mei de trein

29 feb 2004 - 00:00

Inkelde tsientallen minsken ha sneintemoarn gebrûk makke fan de mooglikheid om fergees mei de trein fan Ljouwert nei Harns te reizgjen. De aksje wurdt hâlden yn it ramt fan de Fryske boekewike. Reizgers moatte it boekewikegeskink 'Oar plak, oare tiid' by har ha.

Deputearre Mulder wie ien fan de treinreizgers. Yn it strânpaviljoen oan de Westerseedyk siet skriuwster Jetske Bilker om har boek te sinjearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)