Aris wint fan Early Bird

29 feb 2004 - 00:00

De Ljouwerter basketbalhearen fan Aris ha sneon mei 89-77 de topper tsjin Early Bird wûn. Hjirtroch bliuwt Aris koprinner yn de promoasjedivyzje mei 4 punten foarsprong op de ploech út Purmerend.

Pas yn de twadde helte kaam de thúsklub goed los. Foaral yn de lêste tsien minuten koe it publyk genietsje fan it frivoale spul fan de ploech fan Tom Simpson. De earedivyzje komt sa mei rêde stappen tichterby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)