M&L Brânbefeiliging oernommen

© Omrop Fryslân
It bedriuw M & L Brânbefeiling yn Stiens is ferkocht oan Chubb FlameControl B.V. It haadkantoar dêrfan stiet yn Bilthoven. It Stienzer personiel wurdt oernommen. Chubb FlameControl hat 150 meiwurkers en hat ek in fêstiging op it Hearrenfean. De wurksumheden yn Stiens wurde beëindige.
M & L hâlde him ûnder oaren dwaande mei de ferkeap fan branblussers, it oanlizzen fan needferljochting en it ynstallearjen fan brânmelders.