Re-yntegraasje NW-Fryslân

28 feb 2004 - 00:00

De begelieding fan wurkleazen yn Noardwest-Fryslân komt foar dit jier gruttendiels yn hannen fan Fryske bedriuwen. KISS Kommunikaasje en Reax yn Ljouwert, Traject BV en Empatec yn Frjentsjer en it bedriuw Aob Compaz yn Swolle sille de klanten fan de sosjale tsjinst helpe by it finen fan wurk.

De re-yntegraasje wie Europeesk oanbestege. Dat it wurk gruttendiels nei de Fryske bedriuwen giet, komt om't dy de Fryske taal brûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)