Bertjan vd Veen twadde yn Kuopio

© Omrop Fryslân
Bertjan van der Veen fan De Jouwer is twadde wurden by de alternative alve- stêdetocht yn Finlân. Hy foel en ferlear dêrtroch syn foarsprong. Earste waard Casper Helling út Wageningen, tredde René Ruitenberg. It sechde plak wie foar Ruud Borst fan Sint Nyk.
Mei in temperatuer fan sawat -3 wie it moai reedriderswaar yn it Finske Kuopio. De twahûndert kilometer gie oer de grutte Kallavesimar by de stêd.