'Kaaskoppen' útdiele mei net

28 feb 2004 - 00:00

It organisaasjekomité fan Thialf hat suvelkonsern Campina frege om op te hâlden mei it útdielen fan petten yn de foarm fan tsiis. De 'kaaskoppen' wiene bedoeld as reklame. De organisaasje is benaud dat der problemen ûntsteane mei it Kommissariaat foar de Media.

As de petten op televyzje komme, kin dat sjoen wurde as slûkreklame. Fierder soe der gefaar wêze dat it publyk de petten op it iis smyt. Dit wykein is op It Hearrenfean de wrâldbeker-finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)