Hans Vonk yn de goal tsjin NEC

© Omrop Fryslân
Hans Vonk stiet sneontejûn opnij yn de goal by SC Hearrenfean yn de útwedstriid tsjin NEC út Nijmegen. Vonk moast it duel tsjin Ajax fan ôfrûne woansdei noch oan him foarby gean litte troch privee-omstannichheden.
Boy Waterman naam doe syn plak yn. It meispyljen fan linksback Erik Edman is troch in blessuere noch ûnwis. Sintrumspits Gerald Sibon docht yn alle gefallen net mei. Syn ankelblessuere spilet noch te bot op.