Poiesz by de djoerste supers

27 feb 2004 - 00:00

Supermerkketen Poiesz sit by de djoersten fan it lân. Dat komt út in ûndersyk fan it Konsumintebûn. Dy hat by 17 ferskillende supermerken artikels kocht en dêr de priis fan ferlike.

Poiesz, Albert Heijn, Super de Boer en de Koöp ha de heechste prizen. Sy binne allegear seis prosint djoerder as trochstrings. Poiesz hâldt sels ek de prizen by en besiket safolle mooglik de trochsnee priis oan te hâlden. Sy binne dan ek net bliid mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)