Frou by Aldtsjerk ferûngelokke

27 feb 2004 - 00:00

By in ûngelok freed op de N361 by Aldtsjerk is in frou om it libben kaam. Troch in earder ûngelok tusken twa auto's moast in frachtwein útwike. Dy botste dêrby op de auto fan de frou.

De auto bedarre yn de sleat. De frou wie op slach dea. De oare twa bestjoerders rekken net ferwûne. De dyk by Aldtsjerk waard ôfsletten en it ferkear omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)