Gjin advys mear oer eutanasy

27 feb 2004 - 00:00

Fryske húsdokters kinne gjin advys mear freegje oer eutanasy. De dokters dy't dat advys jouwe, saneamde SCEN-artsen, ha it wurk dellein. Se ha dat dien omdat se fine dat se net mear ûnôfhinklik wurkje kinne.

Sy moatte no, nei in advys oer libbensbeëiniging, in rekken yntsjinje by de húsdokter dy't dat advys freget. Earder hoegde dat net, want doe krigen de dokters jild fan it ministearje. Dy subsydzje is skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)