Ferfolging foar 4 Fean-fans

27 feb 2004 - 00:00

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert sil fjouwer Hearrenfean-supporters ferfolgje oer har part yn de rellen op it NS-stasjon yn Swolle.

In groep fans krige it dêr sneon 24 jannewaris oan de stôk mei de plysje. Dy woe de supporters net trochreizgje litte nei Arnhem dêr't It Fean spylje moast tsjin Vitesse. De groep fan 81 supporters hat yn de trein foar 10.000 euro fernield. Fjouwer fans wurde dus ferfolge, tsjin 77 wurdt neat dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)